Kollum: "Boeren"

03 okt 2019 - 08:20

"Noch even oer it protest fan de boeren fan tiisdei. Want it frustrearret my, as stedsjonge en boeresoan, enoarm. It doel fan it protest wie twaliddich: de politisy yn Den Haag sjen litte dat it al wat út makket as in regearingspartij seit dat de sektor wol troch de helte kin, en de frustraasje sjen litte fan it byld dat sketst wurdt fan de sektor. Dat earste is wol aardich slagge, al moatte je altyd noch mar sjen wat der úteinlik bart, mar it twadde is frustrearjend.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Op himsels is it net sa min gien. Pânserweinen mei wetterkanonnen stiene klear, plysje mei hynders, in helikopter en buskes fan de ME. Uteinlik sân oanhâldingen, by in opkomst fan sa'n tweintichtûzen minsken. Ien misledige de plysje, ien hie in reekbom by him, en in pear wiene mei in trekker troch in stek riden. Hie allegearre net barre moatten, hiel dom fan se, mar der binne fuotbalwedstriden dy't rûger ferrinne.

Mar dan myn twitter tiisdei. Och heden, dy aaklike trekkers, och heden samar bûten de paden ride! En se wurde stipe troch Baudet, troch Wilders, troch Henk Bres en sels Gele Hesjes (ik wist net dat dy noch bestiene). No, dan witte je dochs genôch, en dan ek noch mei de trekker op 'e autodyk, dat mei hielendal net, files etcetera, wat in schorriemorrie!

Wilders koe sa op in trekker stappe. Spruts sûnder mikrofoan (mar al goed yn it sicht fan mainstream media) de boeren ta. "Helden!" sei er, en de boeren jûgden. En sa assosjearren se harsels foar it each fan de kamera's mei bedrigers en folksophitsers as Wilders, Baudet en Bres. Persoanen dy't harren yn itselde ideeëspektrum befine as twa wethâlders yn datselde Den Haag, by wa't op datselde stuit ynfallen dien waarden om fertinking fan korrupsje.

Immen sette in filmke op twitter, mei it kamerawurk fan ien dy't syn smartphone al filmjend yn in bûse liket te stopjen. In trekker seach ik, en in stek. En healwei fertrage it filmke sadatst in famke op in fytspaad seachst. Stilsteande trekker derneist. Ronkende tekst der by: "Je zal daar met je kind aan het fietsen zijn omdat je hem of haar veilig naar school wilt brengen terwijl die boeren als beesten door parkjes en over hekken heen aan het rijden zijn." Unakseptabel en ûnferantwurde fan 'e boeren, en hup, dêr wie it frame al wer.

Ik haw ek no wer gjin inkelde boer heard oer wat se sels dwaan kinne. 'Stikstofdepositie' is in yngewikkeld begryp, mar dat der in probleem mei is, en dat dat ek foar in wichtich part by de lânbou leit, is helder. De lânbou hat sûnt de jierren tachtich al grutte stappen makke wat miljeu oanbelanget, en mannich sektor kin dêr noch in foarbyld oan nimme - loftfeart, ik sjoch nei dy. Mar dat ûntslacht de lânbou noch altyd nearne fan.

Dat de foarman fan de protesten sokke plannen oerlange hat oan de minister, is ek wer net werom te sjen: trekkers troch stekken en Wilders bepaalden it byld. It byld fan de twitter-ridders en de praatprogramma's. Doel twa is mislearre, en dizze stedsjer en boeresoan tiktokt tusken de twa kampen. Uniens mei de boeren dy't Baudet op in skyld hise, ûniens mei de stedsjers dy't tinke dat fleisferfangers út 'e loft fallen komme.

Ik fûn in kompaan yn sjoernaliste Hiske Versprille, dy't oanbefelingwurdige restaurantresinsjes skriuwt foar de Volkskrant. Sy sei op twitter: "Ik heb zó de schijt aan de luie polarisatie die ik hier nu ook weer zie rondom de boerenprotesten, en dan vooral de geluiden uit mijn eigen stadsbubbel." Se seit dat se ea skreaun hat oer de melkfeehâlderij, mar dat se dêr mei ophâlden is, want: "de systemen die aan deze onvrede en problemen met de landbouw ten grondslag liggen zijn zó verschrikkelijk en grenzeloos complex, dat ik er na maanden spitten eerlijk gezegd nog steeds de ballen van snapte."

Se giet fierder: "Maar feit is dat alles nu door beide partijen handig wordt platgeslagen tot een soort populistische culture war." Foar of tsjin, mear smaken binne der net. "romantiseren of problematiseren, lekker makkelijk want dan hoef je er verder ook niet over na te denken. Ondertussen leven voedselproducenten en stedelijke consumenten in een soort parallelle universa zonder enige wederzijdse interesse of begrip, en dat wordt alleen maar erger. Alsof we helemaal niks met elkaar te maken hebben."

Ik haw dêr op dit stuit neat oan ta te foegjen."

(advertinsje)
(advertinsje)