Noch in soad ûndúdlik oer skuorren yn Snitser wenningen

03 okt 2019 - 08:15

Wenningboukorporaasje Accolade en de gemeente Súdwest-Fryslân sille tongersdei mei spesjalisten sjen nei de skansearre wenningen oan it Grootzand yn Snits. Woansdei waarden sân wenten ûntromme fanwege gefaarlike skuorren yn de muorren.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Direkteur Rein Swart fan Accolade

Der soene mooglik mear skuorren yn de 400 jier âlde gebouwen sitte kinne, mar direkteur Rein Swart fan Accolade ferwachtet net dat der mear fûn wurde. "Wij hebben dat idee zelf nog niet, maar natuurlijk gaan we wel kijken of er meer aan de hand is."

De tolve bewenners fan de sân wenten hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei oar ûnderdak krigen. Sa koene guon fan harren yn in hotel oernachtsje, wylst oaren ûnderdak by freonen of famylje fûnen. It is noch net dúdlik wannear't se wer werom kinne nei harren hûs. It wie foar Accolade gjin drege kar om de minsken út harren hûs te heljen. "Op het moment dat wij horen dat wij geen 100 procent veiligheid kunnen garanderen, is dat meteen aanleiding om naar de bewoners toe te gaan om hen te vragen elders onderdak te zoeken."

It is net dúdlik wêrtroch't de skuorren krekt ûntstien binne, seit Swart: "Dit is een pand van zo'n 400 jaar oud, en in oude gebouwen zie je altijd wel scheuren. Maar wat we vooral het laatste jaar zien, is dat de scheuren groter zijn geworden, en daarom was het reden om nogmaals onderzoek te doen."

(advertinsje)
(advertinsje)