Ljouwert moat fan de bank ôf, en de sportskuon oanlûke

03 okt 2019 - 06:31

Ljouwert moat fan de bank ôf, en yn beweging komme. Om dat foarinoar te krijen wurdt der no praat oer in sportakkoart. Hiel min giet it net mei de sportpartisipaasje yn de stêd, mar in reedlik grut part fan de ynwenners fan Ljouwert docht net, of te min oan sport.

Studinten sjitte bôge yn yntroduksjewike - Foto: Omrop Fryslân

Sport hat net allinne in positive ynfloed op sûnens, mar meidwaan is ek goed foar it sosjale libben yn de gemeente. Woansdei is dêrom úteinset mei de earste praat- en diskusjejûn om ta in lokaal sportakkoart te kommen.

Minsken fan sportferieningen, maatskiplike organisaasjes en de gemeente kamen byinoar yn it Cambuurstadion om te brainstoarmjen oer wat yn dat akkoart komme moat. It is de bedoeling dat it akkoart der yn maart lizze moat.

Neffens Karin Zwart fan de organisaasje is it lanlike sportakkoart folle mear basearre op grute linen, wylst dit lokale akkoart oer hiel konkrete plannen en ideeën gean moat. It akkoart moat in pear jier meigean, en de gemeente Ljouwert hopet dat der hjirtroch in beweging op gong komt wêrtroch't tenei mear sport wurdt.

Trefwurden: 
Ljouwert sport akkoart
(advertinsje)
(advertinsje)