"Húsdieren faker ynsette foar âldereinsoarch, minsken fleurje derfan op"

02 okt 2019 - 22:49

Der moatte mear húsdieren ynset wurde yn de âldereinsoarch. Benammen minsken mei deminsje fleurje hielendal op as sy boartsje en kuierje mei spesjaal dêrfoar trainde hûnen. Mar ek is mooglik de hûnen de âlderein helpe te litten yn it húshâlden. Dat sei Femke Visser fan âldereinsoarch Patyna woansdeitejûn yn Iepen Up Live.

Foto: Pixnio

Femke Visser liet it publyk fan IepenUP live woansdei oan de hân fan in filmke sjen hoe't de bewenners yn har sintrum ek geastlik better wurde as se mei in hûn yn kontakt komme.

Boa konstriktor

IepenUP live hie hie woansdeitejûn alle oandacht foar foar it húsdier, foar poeskes en puppys. Mar ek jager Titus Sijmonsma kaam del om it manmachtige publyk sjen te litten dat in jachthûn wier bliid is as er foar de baas oan it wurk kin. Jonathan Leys besocht, hast tsjin better witten yn, mear begryp te krijen foar syn leafste bisten, in boa-konstriktor en in sissende kakkerlak.

Hin feroaret yn hoanne

De measte wurdearring gie lykwols nei Coby Bakker dy't har hin meinommen hie nei Ljouwert. No ja hin? Troch in natuerlike ôfwiking feroare har hin stadichoan yn in hoanne. It bistje kukelekude alle moarntiden de hinnen wekker en ferpofte it om noch sels aaien te lizzen

Nije wike yn Iepen Up Live: it klimaat

Nije wike hat IepenUP live alle oandacht foar it klimaat. En foar wetter. Neffens ferskate doemsenario's giet it hielendal mis mei ús ierde. Mar hoe dan? Troch oerstreamings no't it wetterpeil omheech komt of krekt troch drûchte? Of wurdt it wetter sa fersmoarge troch yndustry, lânbou en toerisme, dat we it net mear drinke of oars brûke kinne?

Praat mei oer in mooglike oplossing fan dy gefaren. En lit dy dêrby ynspirearje troch nammen lykas de Amerikaanske sjoernalist en filmmakker John D. Liu en troch wittenskiplik direkteur fan wetterynstitút Wetsus prof.dr.ir. Cees Buisman.

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd fanút Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20:00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)