"Wy moatte derfoar wake dat de enerzjy deryn bliuwt by takomstige boeren"

02 okt 2019 - 20:58

It boereprotest fan ôfrûne moandei hat in soad losmakke. Jonge boeren freegje harren ôf oft sy noch wol in takomst hawwe. Neffens Joost Mulder fan de Agrarische Jongeren Friesland (AJF) sitte boeren yn Noardwest-Europa yn in regio dêr't in soad mooglikheden binne om't de grûn sa fruchtber is. Op oare plakken yn de wrâld is in soad krapte oan fruchtbere grûn en dêr kinne boeren yn dizze regio fan profitearje, seit Mulder.

Linige ûndernimmer

It eksportearjen fan eigen produkten is neffens Mulder in kâns foar jonge boeren. Mar de boeren kinne it yn Fryslân en omkriten ferkeapje, salang't der fraach nei is. "Boer wêze is in stik fakmansskip, mar jo moatte ek in linige ûndernimmer wêze," mient Mulder.

Dêrneist moatte bouboeren en feehâlders goed beseffe yn hokker regio en sektor oft sy sitte. "Dan moatte jo skeakelje en dat is útdaagjend, mar wy moatte der wol foar wake dat de enerzjy deryn bliuwt by de takomstige boeren", fynt Mulder.

De agraryske jongerein Fryslân (AJF) wol dêrom jonge, takomstige boeren stypje yn harren wurk troch gearkomsten te organisearjen. Ek foar taleveransiers, leanbedriuwen en oare ûnderdielen fan de sektor, sjocht Mulder it posityf yn: "As wy trochgean kinne mei it meitsjen fan de earste libbensbehoefte is der foar eltse boer in prachtich moaie takomst yn Fryslân."

ierdappels - Foto: ANP

Joost Mulder fan AJF

(advertinsje)
(advertinsje)