Berop ôfwiisd, skorsing keatser Daniël Iseger bliuwt stean

02 okt 2019 - 20:43

De skorsing fan Daniël Iseger fan fiif wedstriden bliuwt stean. Dat hat de beropskommisje fan keatsbûn KNKB tiisdeitejûn besletten. De útspraak betsjut dat der no lang om let in definitive útspraak is yn de kwestje-Iseger.

Foto: Henk Bootsma

It begûn op 28 april dit jier, doe't Daniël Iseger op de ôfdielingspartij yn Weidum keatste foar OG Huzum. Dat mocht net, want it adres dêr't er wennet, falt ûnder Goutum. Dêrfoar krige er in skorsing fan trije wedstriden. Dy straf waard befêstige troch de beropskommisje. Op snein 7 july foel Daniël Iseger op de haadklassepartij yn foar de blessearre Sjoerd de Jong. Dat koe lykwols net, omdat er op dy dei noch skorst wie.

Utprosedearre

Der folge in nije útspraak fan de strafkommisje en doe waard Iseger foar fiif wedstriden skorst. De keatser gie wer yn berop. De beropskommisje ferwiisde de saak werom nei de strafkommisje foar neier ûndersyk. De straf bleau fiif partijen skorsing. Tiisdei hat de beropskommisje wer teset west oer de kwestje-Iseger. Dy kommisje komt no ta de konklúzje dat de opleine skorsing fan fiif wedstriden troch de strafkommisje terjochte is. Dêrmei is Iseger útprosedearre. De KNKB sil letter de eksakte data oanjaan wêrop't Iseger yn 2020 skorst is.

Rekôr

Al mei al hat de kwestje goed fiif moanne duorre. In rekôr yn de skiednis fan straf en beropskommisje fan it keatsbûn.

(advertinsje)
(advertinsje)