FIDEO: IepenUP Live oer de 'skattichheid' fan bisten

02 okt 2019 - 19:45

"Aaahhh.., ooaah"; scrolle troch dyn Facebookfeed kin allang net mear sûnder datst in poezeplaatsje en puppyfilmkje sjochst. Hoe kin it no dat wy dêr allegearre foar falle? We prate deroer yn de Dieredei-special IepenUP Live: Cute Overload op dizze woansdei.

Yn it programma prate we oer dieremuzyk, kij oankrûpe en der is in soad diereproaza.

De oare kant

It libben fan bisten is net altyd maklik. Mei Barbara van der Weijden prate we oer de stichting Barking Romania, dy't him ynset foar strjithûnen en asilen yn Roemenië. Se giet der geregeld hinne om de hûnen sterilisearje te litten. Sa'n 150 Roemeenske hûnen wachtsje op in adopsjefamylje yn Fryslân. Barbara fertelt hoe't har leafde foar hûnen ûntstien is en wêrom't se sa graach helpe wol.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd fanút Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

Trefwurden: 
dieredei IepenUP live
(advertinsje)
(advertinsje)