Ferwûne by ûngelok Jistrum, traumahely lânet op trochgeande dyk

02 okt 2019 - 19:32

By in ûngelok net fier fan Jistrum is woansdeitemiddei ien persoan ferwûne rekke. Twa auto's kamen op de Ryksstrjitwei troch noch ûnbekende oarsaak mei-inoar yn botsing. Ien persoan is yn sân hasten nei it sikehûs brocht. Twa oare belutsenen kamen mei de skrik frij.

Foto: De Vries Media

De traumahelikopter en twa ambulânses kamen nei it plak fan it ûngelok. De ferwûne waard behannele troch de arts fan de traumahely, mar koe mei de sikeauto nei it sikehûs oerbrocht wurde. De plysje hat de dyk ôfset. Auto's koene der delride oer it fytspaad. De dyk waard om sân oere hinne wer frijjûn.

Trefwurden: 
ûngelok Jistrum N355
(advertinsje)
(advertinsje)