Frisia hâldt op mei sâltwinning by Easterbierrum

02 okt 2019 - 19:10

Frisia hâldt earder as de bedoeling wie op mei de sâltwinning by Easterbierrum. Se soene trochgean oant en mei it jier 2021. Omdat de kwaliteit fan it sâlt net goed genôch is, kin Frisia kin net 100% kwaliteit garandearje, seit direkteur Durk van Tuinen.

Frisia Sâlt yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De stilsetting fan de sâltwinning by Easterbierrum hat ek gefolgen foar it gebiet dêr. De maksimale grûndelgong bliuwt no beheind ta 22 sintimeter. It betsjut wol in tebeksetter foar Frisia, want se moatte no sâlt helje út Dútslân.

De sâltwinning yn Harns kin gewoan trochgean. Frisia wint fierders ek noch sâlt by Tsjummearum. Dêr komt op syn lêst ein 2021 in ein oan. It sâltfabryk ferwachtet mids 2020 begjinne te kinnen mei sâltwinning ûnder de Waadsee, op 3 kilometer út de kust by Harns.

Trefwurden: 
Frisia sâlt Easterbierrum
(advertinsje)
(advertinsje)