Wenningboukorporaasje Accolade slút wengebou yn Snits

02 okt 2019 - 18:39

Wenningkorporaasje Accolade hat in wengebou oan it Grootzand yn Snits sletten. Yn de gevels fan it gebou binne skuorren te sjen en dêrtroch is it net wis oft it gebou feilich is.

Foto: Omrop Fryslân

De bewenners fan sân wenten boppe in winkel moatte foar de nacht fan woansdei op tongersdei in oar ûnderkommen sykje, ek al omdat de skuorren yn de gevel grutter wurde. De measte bewenners sliepe by famylje of freonen. Foar twa bewenners hat Accolade in hotel regele.

De wenningkorporaasje wol sa gau as mooglik dúdlikens oer de útkomsten fan it ûndersyk dat no rint en oer hokker maatregels der nommen wurde moatte. Accolade begrypt dat de sitewaasje tige ferfelend is foar de bewenners, mar dat de feiligens fan de bewenners foarop stiet. De bewenners wurde tongersdei op de hichte brocht hoe't it fierder giet.

(advertinsje)
(advertinsje)