Plan om grêften yn Snits befarber te meitsjen

02 okt 2019 - 17:35

In plan om de grêften yn Snits better befarber te meitsjen foar boaten wurdt no serieus oppakt. It plan ûntstie yn 2016, as in idee op in gearkomste fan de Vereniging Ondernemend Sneek (VOS).

Foto: Omrop Fryslân

Doel is no dat wettersporters aansten tróch Snits farre, yn stee fan der omhinne. Om it plan te realisearjen is de Stichting Waterstad Sneek oprjochte.

Om de grêften tagonkliker te meitsjen foar boaten binne ferskate oanpassingen nedich. It giet dan benammen om it oanpassen fan brêgen. In advysburo is yntusken frege om te ûndersykjen wat der fierder nedich is.

Ein dizze moanne moatte de konklúzjes fan dit ûndersyk helder wêze.

Trefwurden: 
Snits grêft boatsje
(advertinsje)
(advertinsje)