Lêst fan lege bromtoanen? Lit it ús witte!

02 okt 2019 - 17:30

Hasto lêst fan lege bromtoanen? Dan bist net de iennige. Ut ûndersyk fan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) blykt nammentlik dat sa'n tsien persint fan de Nederlanners wolris in leechfrekwint lûd heart.

Foto: Omrop

Omrop Fryslân wol, yn gearwurking mei de oare regionale omroppen en de NOS, graach witte wêr't yn ús provinsje minsken lêst hawwe fan dit leechfrekwinte lûd. Op hokker lokaasje hearsto de bromtoanen, en wat binne dyn klachten? Bisto ien dy't lêst hat fan dit lege lûd? Folje dan de enkête yn en help ús om it probleem yn kaart te bringen.

Bromtoan

In bromtoan is tige aaklik foar minsken, om't it lûd se wekker hâldt en de oarsaak fan it lûd faak dreech te finen is. Minsken omskriuwe it as in konstant, dreunend lûd. It is krekt as draait der in frachtwein stasjonêr, of stiet der earne in aggregaat oan.

Konsintraasje- en sliepproblemen, pine yn de holle en sels hertkloppingen. Dat kin allegearre it gefolch wêze fan leechfrekwint lûd, ek wol in bromtoan neamd. Minsken tinke dat de bromtoan wolris ôfkomstich wêze kin fan waarmtepompen. Dat soe betsjutte dat it tal klachten allinne mar tanimme sil.

Hoefolle minsken yn Fryslân lêst ha fan bromtoanen is op dit stuit noch net dúdlik. De webside Stichting Laag Frequent Geluid krijt wol regelmjittich meldingen út it hiele lân as it giet om leech frekwint lûd. Fan 2017 oant no binne dat der 49 út Fryslân.

Omrop Fryslân en de NOS wolle graach witte wêr't minsken eksakt lêst hawwe fan leechfrekwint lûd. Kinne jo it fenomeen? Help dan mei om dit probleem yn kaart te bringen. Dat kin troch hjir in enkête yn te foljen.

(advertinsje)
(advertinsje)