Game helpt om stress op positive wize yn te setten

02 okt 2019 - 17:21

Hieltyd faker hawwe minsken lêst fan stress, mar stress kin ek goed wêze. Om dat mear ûnder de oandacht te bringen, is der meikoarten in Nederlânsk kampioenskip stress. De game dêrfoar is troch in Ljouwerter bedriuw ûntwikkele.

Foto: pixabay.com

Neffens ûndersyksynstitút TNO is stress beropssykte nûmer ien. By it Ljouwerter ynnovaasjelab Jamzone wurdt al jierren wurke oan it trainen fan in positive mindset oer stress. Mei help fan virtual reality en in sensor kinst leare om 'Stress Superpowers' te ûntwikkeljen.

"Dat stress alleen maar slecht is, is een misverstand", seit psycholooch Bernard Maarsingh út Ljouwert. "Je hebt stress nodig om beter te leren en te presteren. Sporters gebruiken stress om beter te presteren. Het is net als met een mes: als je er handig mee bent, kun je er aardappelen mee snijden, maar als je onhandig bent, snij je jezelf in je duim."

Maarsingh is bliid dat er sels ek stress hat. "Anders is bijvoorbeeld een voetbalwedstrijd doodsaai."

By de game leare minsken om har stress yn te setten. "De finalisten op het NK zitten in een virtual reality situatie. Ze staan op een hoogte en ervaren daardoor stress, maar door kalm te blijven kunnen ze op een volgend level te komen. Zo leren mensen om handig te worden met stress en zo worden mensen gezond van stress in plaats van ongezond."

Dielnimmers kinne oant en mei 25 oktober online meidwaan oan de foarrondes. De test duorret twa minuten. Dielnimmers mei de heechste skoare komme yn de finale op 7 novimber yn Amsterdam, dêr't topskiedsrjochter Björn Kuipers de finale fluitet.

Trefwurden: 
Ljouwert NK stress game Jamzone
(advertinsje)
(advertinsje)