Filmfestival Plons wol stoffich imago dokumintêres feroarje

Mear films yn Fryslân, oan dat doel wurdt hurd wurke yn ús provinsje. Under oaren mei in nij dokumintêre-festival, Plons. Takom wykein is de earste edysje dêr't ynternasjonale koarte dokumintêres fertoand wurde. It festival fynt plak op it skip de Eestroom dat oan de Willemskade yn Ljouwert leit.
Filmfestival Plons wol stoffich imago dokumintêres feroarje
"Je kunt iedere keer naar een blok van 1,5 tot 2 uur waarin dan een aantal korte documentaires worden vertoond", fertelt ien fan de inisjatyfnimmers fan it festival, Froukje van Wengerden. Se is sels ek filmmakker. By elts blok is ek ien fan de filmmakkers oanwêzich, wêr't it publyk dan fragen oan stelle kin.
Fryslân is drok dwaande om it filmklimaat te ferbetterjen en hieltyd mear filmmakkers witte ús provinsje te finen. In dokumintêrefestival is in logyske oanfolling hjirop, sa fynt Van Wengerden. "Je hebt het een nodig om het ander te versterken en andersom. Om een goede maker te worden, moet je veel kijken."
Froukje van Wengeren, organisator fan Plons