Hamfraach by de pomp: Wat moat ik tanke?

02 okt 2019 - 16:59

Miskien stiest wat frjemd te sjen by de benzinepomp. Sûnt moandei is dêr gjin Euro 95 mear te krijen. Dy is ferfongen troch de brânstof E10. Dat hat in heger oandiel biobrânstof en is better foar it miljeu, mar it ferbrûk leit wol heger. Wy fregen by in oanljehannel yn Tytsjerk hoe't de oergong ferrint.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Wat der krekt feroaret, is dat de byminging fan bio-etanol fan 5 nei 10 prosint giet, leit Feike Even van oaljehannel Postma yn Tytsjerk út. By Euro 95 wie it 5 prosint, no wurdt it 10 prosint. Bio-etanol is in natuerprodukt makke fan mais. Dat betsjut minder CO2-útstjit en is dus minder skealik foar it miljeu.

Undergrûnse tanks hoege net leech

Moatte dan de tanks ûnder de grûn allegearre leech foar de nije soart benzine? Dat hoecht net, seit Feike Even, want 5 of 10 byminging byt inoar net. Der komt gewoan E10 by en dat mingt dan mei de Euro 95. Op den duer is de ûndergrûnse tank fol mei E10.

Wat moat ik tanke?

Feike kriget it in soad fragen oer de nije benzinesoart. Minsken binne ûngerest, want it kin skealik wêze foar harren auto. Stelregel is dat auto's boud foar it jier 2000 better net op E10 ride kinne. Want E10 is krekt wat agressiver en kin rubberliedingen oantaaste. Op ynternet kinst opsykje hokker soart benzine dyn auto hawwe moat.

Ferslachjouwer Willem de Vries is by oaljehannel Postma yn Tytsjerk

Trefwurden: 
benzine E10 Euro 95
(advertinsje)
(advertinsje)