Swarte dei yn Feanwâlden no't kolleezje gjin jild foar MFC frijmakket

It is in swarte dei yn Feanwâlden, want dizze woansdei waard definityf bekend dat de gemeente Dantumadiel gjin miljoen euro frijmeitsje kin foar it nije MFC yn it doarp.
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Yn septimber waard noch in ludyk protest hâlden om de gemeente te bewegen dochs jild frij te meitsjen foar it mienskipssintrum, mar hat dus neat úthelle.
De teloarstelling is grut yn Feanwâlden, benammen by Roel Dijkstra fan de stichting Mienskip, de driuwende krêft achter it nije doarpshûs.
Hy lies it fia Twitter dat it kolleezje oan de ried foarstelt om gjin jild beskikber te stellen. "Ik hie dat leaver mei in telefoantsje befêstige hân. Ik hoopje op de wiisheid fan de ried, mar ik ha der net folle fertrouwen yn no't dit foarstel der leit."

Spitich

"Fansels hopest op it bêste, mar we seagen dat it wol swier waar wie, dat it lestich wêze soe. Dat is bysûnder spitich, net inkeld foar ús kommisjes, mar foar it doarp. Nei tweintich jier diskusjes wienen we lang om let safier en giet it no wer mis."
De ôfrûne jierren binne al ferskate kosten makke yn tarieding op it nije sintrum. Sa hat de tsjerke in claim, is it plein mei it each op parkeargelegeneheid by it sintrum werynrjochte en is de drogisterij troch de gemeente opkocht om it doarpshûs mooglik te meitsjen. Dijkstra rûst al dy kosten op sa'n 4 of 5 ton.

Deaskande

"De kommende 10, 12 jier sil der gjin mienskipssintrum komme. Ferieningen sille miskien wol in plakje fine, mar de ferbiningen binne fuort. Dat wie krekt de lêste tiid better wurden en dat ferlieze we no allegear, dat is deaskande."
Roel Dijkstra