Banken wolle definityf meidwaan oan Wynpark Fryslân, provinsjaal jild no ek wis

02 okt 2019 - 15:52

No't banken definityf 700 miljoen euro stekke wolle yn Wynpark Fryslân, kin ek de provinsje útslútsel jaan oer syn bydrage fan 100 miljoen euro. Under oaren ABN Amro, Rabobank en ING tekenje foar de bydrage fan 700 miljoen euro.

Foto: Omrop Fryslân

It nije Wynpark Fryslân yn it noardlik part fan de Iselmar by Breesândyk kin takom jier al de earste griene stroom leverje. In jier letter moat it hielendal operasjoneel wêze. De finansiering fan 850 miljoen euro foar it park is no hielendal klear. De kontrakten binne tekene yn Amsterdam. Noch net earder is der op in oar plak op de wrâld sa'n grut wynpark boud yn binnenwetter.

89 turbines

Wynpark Fryslân moat foar mear as 70 persint bydrage oan de Fryske doelstelling foar duorsume enerzjy. Der komme 89 turbines fan 4,3 MW. Dy wurde pleatst yn in kluster. De stroom is genôch foar sawat 500.000 hûshâldens.

Wurkeilân wurdt fûgeleilân

By de bou fan it wynpark heart ek it oanlizzen fan in natuereilân oan de súdkant fan de Ofslútdyk. Dat eilân kin ûnder de bou fan it wynpark brûkt wurde as wurkeilân. Dêrnei wurdt it omfoarme ta in fûgeleilân.

Bou en ûnderhâld

Wynpark Fryslân wurdt boud troch Zuiderzeewind, in gearwurkingsferbân fan Van Oord en Siemens Gamesa Renewable Energy. De tariedende wurksumheden binne al begongen. Ein ferline jier is Van Oord begongen mei grûnûndersyk. Yn maart is úteinset mei it oanlizzen fan buizen foar stroomkabels dy't de turbines mei it transformatorstasjon op Breesândyk ferbine.

Yntusken is ek in begjin makke mei de bou fan it transformatorstasjon en it oanlizzen fan stroomkabels yn de Ofslútdyk. Wêr mooglik wurde ek lokale Fryske bedriuwen ynskeakele. Nei de oplevering is Siemens ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it wynpark foar in perioade fan sechstjin jier.

Foardiel foar omwenners

Enerzjybedriuw Eneco nimt de stroom ôf foar in perioade fan fyftjin jier. Omwenners fan it wynpark kinne skielk direkt en yndirekt meiprofitearje fan it wynpark. Alle jierren wurdt nammentlik ûngefear 720.000 euro yn it omjouwingsfûns stoart. Dêrút kinne lokale projekten oan de kust fan de Iselmar betelle wurde.

Trefwurden: 
wynmûnen Wynpark Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)