SC Hearrenfean iepenet 'gameromte' foar jongerein

Sportklup Hearrenfean hat in spesjale eRoom iepene yn it Abe Lenstrastadion. De 'gameromte' moat de klup helpe om mear jongerein oan te sprekken, dy't tsjintwurdich in soad fuotbalspultsjes lykas FIFA spylje.
© SC Hearrenfean
By de offisjele iepening fan de eRoom wiene ûnder mear eSporters Floris Jorna en Niels Krist, tsien supporters fan Hearrenfean en fjouwer spilers fan it earste alvetal. Sy meie allegear graach it fuotbalspultsje FIFA spylje.

Acht PlayStations

De 'gameroom' yn it Abe Lenstrastadion is foarsjoen fan acht PlayStations mei sechtsjin stuollen, in graffitymuorre en útsjoch op de gersmatte fan it stadion.
De jeugd kin de eRoom by de thúswedstriden fan Sportklup Hearrenfean en ek by oare gelegenheden brûke.