Folle mear befallingen yn sikehûs Snits, mei tank oan de polder

By it Antoniussikehûs yn Snits is dizze wike al de 1.000ste poppe fan it jier berne. It giet om Daan Hiemstra, soan fan Linda en Geart Hiemstra. It oantal befallingen yn it sikehûs yn Snits is dit jier flink tanommen.
© Omrop Fryslân
Ferline jier kaam de 1.000ste poppe pas oan de ein fan it jier. Mei-elkoar wiene der doe 1045 befallingen.
De groei hat fral te meitsjen mei de oername fan soarch út de Iselmarsikehûzen. Dy sikehûzen yn de polder waarden ferline jier oktober fallyt ferklearre. De ferwachting is dat de teller fan it oantal befallingen oan de ein fan dit jier op 1300 komt te stean.