HEA! Boade Baukje (70) wit fan gjin ophâlden

02 okt 2019 - 15:00

Polityk fynt se hiel nijsgjirrich en it wurk is moai. Dêrom is frou Baukje Dijkstra fan Dokkum noch altyd boade by de gearkomsten fan Provinsjale Steaten. Frou Dijkstra is 70 jier en al mei pensjoen, mar it boadewurk docht se frijwillich. As jonge frou kaam se al by de provinsje oan it wurk, en doe wie se al ûnder de yndruk fan de moaie Steateseal.

(advertinsje)
(advertinsje)