'Drugsjachtwerf' Nerushoek yn Terherne mei dochs iepen bliuwe

Jachtwerf Nerushoek yn Terherne kin dochs iepen bliuwe. Dat skriuwt de gemeente De Fryske Marren yn in brief oan de belutsenen. Earder drige de gemeente om de jachtwerf te sluten fanwegen de fynst fan in himpkwekerij. Wol moatte it wenhûs fan de 47-jierrrige eigener en in pear loadsen op it terrein seis moanne ticht.
De himpkwekerij dy't yn de haven fan Terherne ûntdutsen is © Omrop Fryslân
Begjin juny trof de plysje op de werf in himpkwekerij oan. De eigener fan de jachthaven wurdt troch justysje fertocht fan it ferbouwen fan de himp.

'Dit besluit is niet uit te leggen'

Advokaat Ad Speksnijder, dy't de fertochte bystiet, lit witte dat hy it net iens is mei de maatregel. "Het sluiten van enkele loodsen en de woning van mijn cliënt is buiten alle proporties. Dit besluit is niet uit te leggen. Er komt dan ook een kort geding tegen het sluiten van de woning van mijn cliënt. Die heeft namelijk geen enkele relatie tot het misdrijf waar hij van wordt verdacht." Ek makket de advokaat beswier tsjin it sluten fan ien fan de loadsen op it terrein. Earder sei Speksnijder al dat de saak 'heel erg wordt opgeblazen'.

Tsientallen sjenswizen

Begjin augustus sei boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren noch dat hy de folsleine jachtwerf in heal jier slute woe, mar tsientallen minsken wiene it dêr net mei iens. Der kamen dan ek tsientallen sjenswizen binnen by de gemeente tsjin dat beslút.
Jachthaven Nerushoek yn Terherne hat sa'n fyftich lisplakken. Ek wenje der ferskate minsken permanint. Hierders en ek oare Terhernsters hiene der muoite mei dat sy mooglik de dupe wurde soene fan in beslút fan de boargemaster om de jachthaven te sluten.