Gean de útdaging oan en wurd Frysk kampioen tikboartsjen

Hâldst fan tikboartsjen en wolst dêr kampioen yn wurde? Dat kin yn Drachten. Dêr organisearret Sportbedrijf Drachten yn gearwurking mei Sport Fryslân op woansdei 23 oktober de earste edysje fan it 'Smallingerlands Kampioenschap Tikkertje'.
In útdaagjend parkoers fol mei obstakels wurdt útset sadat dielnimmers drave, ûntwike, springe en klimme kinne.

Hoe wurket it?

Yn ien tsjin ien duels hast 25 tellen om út hannen fan de tsjinstanner te bliuwen of... fansels krekt dy tsjiinstanner oan te tikjen.
Alle bern út de groepen fan 5 o/m 8 krije de kâns om de bêste tikker fan de gemeente Smellingerlân te wurden. De twa bêste tikkers fan trije rondes krije in ticket foar it Frysk Kampioenskip Tikkerke. Dat wurdt op woansdei 18 desimber, dat ek yn Drachten is. Ut alve Fryske gemeenten komme dêr de winners om te striden foar de earetitel.