Ried fan Steat: Twangsom foar Vermilion om gaswinning by Langsweagen is terjochte

02 okt 2019 - 14:20

Gaswinbedriuw Vermilion hat de twangsom fan 10 miljoen euro foar it winnen fan gas út in put by Langsweagen terjochte krigen. Dat hat de Ried fan Steat woansdei bepaald.

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Vermilion begong ein 2016 mei it winnen fan gas út in tredde put by Langsweagen, sûnder dat de minister fan Ekonomyske Saken dêr definityf mei ynstimd hie. De Ynspekteur Generaal der Mijnen (IGM) lei it gasbedriuw op 10 april 2017 in twangsom op. Vermilion moast doe binnen in dei ophâlde mei de gaswinning.

Heger berop

Vermilion gong tsjin it beslút yn berop. It bedriuw miende dat de nije put ûnder it eardere wizigingsplan út 2014 foel. Tastimming fan Ekonomyske Saken soe yn dat gefal net nedich wêze. Vermilion woe de skea fan it stillizzen fan de gaswinning ferhelje op de oerheid.

Wachtsje

Dêr gong de Ried fan Steat woansdei net yn mei. Vermilion hie gewoan wachtsje moatten, oant der definityf tastimming wie, sa seit de ried. Hoefolle gas der tusken novimber 2016 en april 2017 ûnterjochte út de grûn helle is, is net bekend.

"In 2017 zijn de regels rondom gaswinning veranderd. Daarom was er veel onduidelijkheid over wat er toen mocht en wat niet. Daarom zijn we destijds ook tegen het besluit in beroep gegaan, om duidelijkheid te verkrijgen," sa seit wurdfierder Hidde Baars fan Vermilion.

(advertinsje)
(advertinsje)