Kolleezje Ljouwert nûget bewenners út om mei te tinken oer Cambuur-gebiet

It kolleezje fan de gemeente Ljouwert wol dit jier noch begjinne mei de ûntwikkeling fan in plan foar it plak dêr't op dit stuit it Cambuurstadion stiet. As it nije stadion klear is, kin it hjoeddeistige stadiongebiet op 'e nij ynrjochte wurde. It Cambuurstadion en it Cambuurplein foarmje it hert fan de wyk. Mar wat wolle bewenners en ûndernimmers mei it gebiet?
© AWfoto
It kolleezje stelt foar dat buertbewenners, wykpanels, ûndernimmers en wenningkorporaasjes mei-elkoar oan de slach gean om in plan foar de wyk te meitsjen. It giet om it gebiet tusken de Insulindestrjitte en de Coopmansstrjitte yn Ljouwert.
It meitsjen fan it plan bart ûnder lieding fan in profesjoneel buro. Ek riedsleden binne belutsen by it proses.