Twadde part fan stedhûstoer yn Boalsert ek suksesfol nei ûnderen

02 okt 2019 - 12:34

It twadde stik fan de toer fan it stedhûs yn Boalsert is woansdei nei ûnderen helle. Dat duorre wat langer as tocht, want it moast wol feilich barre. Ofrûne sneon is it boppeste part fan de toer al nei ûnderen takele.

Nei't de kabels oan de toer fêstmakke wienen, duorre it mar sa'n tsien minuten foardat it stik op de grûn stie. Om it stik feilich nei ûnderen bringe te kinnen, moasten de omwenners tydlik har hûs út en waard de strjitte ôfset.

Neffens projektlieder Sietse la Roi wie dizze put wat dreger as sneon. "Dit part is twa kear sa swier en we hienen wat mear tiid nedich. Dit stik fan de toer is op it bouplak neist it stedhûs set. Nije wike tiisdei wurdt ek it lêst part fan de toer fuorthelle en sille de ûnderdielen op in djiplader nei de kade brocht wurde en dan mei in skip nei Snits fearn wurde om dêr opknapt te wurden."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Wat it opknappen fan de toer kostje sil, is noch net dúdlik.

It âlde stedhûs yn Boalsert wurdt op it stuit omboud ta in nije kultureel-histoarysk sintrum foar de Súdwesthoeke en de kosten fan it hiele projekt wurde rûsd op sa'n tsien miljoen euro. It is noch mar de fraach oft it projekt troch de ekstra wurksumheden oan de toer net folle mear kostje sil.

Skea

No't de top op de grûn stiet, is de skea troch de bûnte kjifkrobbe yn de ikehouten draachkonstruksje goed sichtber.

"Op in stik hout sjochst gatsjes fan de larve fan de bûnte kjifkrobbe, dit is dus in hiel min stik. We wisten al dat it bistje yn de toer siet, mar de omfang fan de skea wie net dúdlik om't we dêrfoar earst saken slope moasten."

Wytse Vellinga praat mei Boalserters en projektlieder Sietse la Roi

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"It docht sear"

De keale toer ropt emosjonele reaksjes op by de Boalserters. "Ik skrik derfan", seit de ien. In oar seit: "Ik wurd altyd bliid as ik Boalsert ynryd, dat fielt as thúskommen, mar dit liket raar. It docht sear."

De skea oan de toer fan Boalsert troch de bûnte kjifkrobbe hat nea in akút gefaar west foar de omwenners. Dat seit oannimmer Douwe Offringa dy't dwaande is mei de ferbouwing fan it stedhûs. Dochs hat er fuort de gemeente warskôge dat der maatregels naam wurde moasten, om't er ek net woe dat it yn de takomst wol gefaarlik wurde soe.

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs toer
(advertinsje)
(advertinsje)