Woudagemaal driuwend op syk nei jonge frijwilligers

02 okt 2019 - 12:02

It Ir. D.F. Woudagemaal is driuwend op syk nei jonge frijwilligers. Dat seit Marten Speerstra, foarsitter fan de frijwilligersried fan it gemaal op De Lemmer. De hjoeddeistige frijwilligers reitsje hieltyd mear op leeftiid. Nije oanwaaks bliuwt lykwols út. No't it gemaal hieltyd faker ûnder stoom komt, binne jonge frijwilligers hurd nedich.

Tiisdei is it Woudagemaal op De Lemmer wer ûnder stoom set. Dêr binne ferskate frijwilligers efter de skermen drok mei. Helpende hannen dy't monteurs fan Wetterskip Fryslân assistearje om it hûndert jier âlde gemaal yn wurking te stellen om oerstallich wetter nei de Iselmar te meallen. No't der hieltyd mear reinwetter falt yn koarte tiid, sil it gemaal allinnich mar faker ynset wurde, foarseit Speerstra. En dus sjocht de foarsitter aktyf om him hinne foar jongeren dy't meihelpe wolle. Mar ienfâldich is dat net.

Soargen oer de takomst

"Jongeren ha in hiel soad oare besichheden, dan is it lestich om dit der by te dwaan. De measte frijwilligers dy't wy hjir ha, binne minsken dy't al út it wurk wei binne en dy't fia 'mond tot mond' binnen komme. Faak binne dat sechtich- en sels santichplussers." Dêrmei komt de takomst fan it Woudagemaal faai te stean. "As minsken siik wurde of ferstjerre, kin dat op termyn foar problemen soargje", jout Speerstra ta. "Wy dogge der alles oan om jongere frijwilligers te krijen."

Modernisearringsslach

Njonken de helpende hannen efter de skermen fersoargje de frijwilligers ek rûnliedings troch it gemaal. Dêrfoar siket de frijwilligersried nei oare oplossingen. Sa tinkt Speerstra oan rûnliedings fia iPads of mei de iPhone, sadat frijwilligers minder swier belêste wurde. "Wy wolle in modernisearringsslach meitsje, sadat wy klear binne foar de takomst."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort seach by it Woudagemaal

(advertinsje)
(advertinsje)