Miljoenebesunigingen foar Dantumadiel, gjin subsydzje foar nij MFC yn Feanwâlden

02 okt 2019 - 11:18

De gemeente Dantumadiel wol de subsydzje fan goed ien miljoen euro foar in nij multyfunksjoneel sintrum yn Feanwâlden ferfalle litte. Dat docht bliken út de besunigingsfoarstellen fan it kolleezje foar de kommende jierren. "De dekking foar de bou fan it MFA kaam út de algemiene reserve, mar dy is fuortfallen", leit wethâlder Rommy Kempenaar út. "Wy kinne net oars as der in streek trochsette. Mar it is en bliuwt in hiel pynlik beslút."

De gemeenteried hie twa jier lyn al mear as ien miljoen euro beskikber steld foar in nij MFC yn Feanwâlden. Dit jier kaam dy subsydzje al faai te stean, mar it kolleezje wol dy no folslein ferfalle litte. "Dit is fansels hiel pynlik foar sawol de ried as it kolleezje", jout Kempenaar ta. "Elke besuniging is pynlik en rekket de boargers. It meast pynlike punt is foar my dochs wol de skras troch it MFA yn Feanwâlden. Dit jild soe komme út de algemiene reserve, mar dat potsje is dus no leech."

Miljoenebesunigingen

Dantumadiel moat, as it oan it kolleezje leit, de kommende jierren miljoenen euro's besunigje. Yn totaal giet it om mear as tsien miljoen euro oant en mei 2023. Takom jier wol de gemeente úteinsette mei oardel miljoen euro oan besunigingen. Dêrmei makket it kolleezje him net populêr by de ynwenners, wit ek Kempenaar. "Yn it herstelplan stean gjin saken dêr't wy ús populêr mei meitsje, mar wy moatte tinke oan de takomst. Wy ha gjin oare kar as kolleezje. Ik bin wol grutsk dat wy in slutende begrutting oanbiede kinne oan de ried."

Unreplikesaakbelesting omheech

Om dy doelstelling te beheljen wol it kolleezje ûnder mear de ûnreplikesaakbelesting ferheegje. Dêrneist sil ûnreplikgoedbesit ferkochte wurde moatte, lykas biblioteken yn Feanwâlden en De Westereen, swimbad De Frosk yn De Westereen en in tal oare gebouwen.

Tekoarten op sosjaal domein

De minne finansjele situaasje fan de gemeente komt benammen troch tekoarten op it sosjaal domein. Dantumadiel wol dêrop de kommende jierren ek sa'n seis miljoen euro besparje.

De gemeenteried fan Dantumadiel komt op 4 novimber gear oer de foarstellen fan it kolleezje.

Wethâlder Rommy Kempenaar fan Dantumadiel

(advertinsje)
(advertinsje)