Akkrumse hat noed oer flechtlingen op Lesbos: "Situaasje net mear te hâlden"

02 okt 2019 - 11:00

"It binne ferskriklike tastannen op Lesbos." Dat seit Anke-Marije Piebenga fan Akkrum dy't krekt werom is fan in wike lang flechtlingen helpe yn kamp Moria. "Wat my bybliuwt, binne de bern dy't ûnder tinne tekkens by harren heit of mem lizze. Poppen fan 4 wiken âld."

Moria is in kamp foar 3.000 minsken, mar der sitte 13.000 minsken, benammen Afganen. "Dizze situaasje is mei de winter foar de doar net mear te hâlden. Der sille flechtlingen stjerre."

Foto: Anke Marije Piebenga

Snein gong it mis doe't troch koartsluting brân útbruts en in frou en har berntsje omkamen. "Dêr kinne je op wachtsje, der wurdt al tiden foar warskôge. De stroomtriedden rinne oer de tinten hinne. It hiele kamp, sa fier't je sjen kinne, stiet fol mei tintsjes dêr't do en ik yn kampearje op Skylge."

Piebenga ferwachtet dat it allinne mar minder wurde sil. "As it yn de hjerst begjint te reinen, dan rinne de modderstreamen troch de tinten hinne."

Foto: Anke Marije Piebenga

Anke-Marije Piebenga

Europa moat helpe

Piebenga hat in pear jier lyn in winterjasse-aksje op tou set foar Lesbos. Se wit noch net oft dat wer barre sil. Se seit dat de situaasje no slimmer is as by de flechtlingekrisis yn 2015. De deal mei Turkije soe it foar flechtlingen better meitsje, mar neffens de Akkrumse is dat net sa. ''Europa moat helpe, de Griken hâlde dit net fol. De flechtlingen moatte earlik ferdield wurde oer de Europeeske lannen. Dat soe al in stik helpe."

Foto: Anke Marije Piebenga
(advertinsje)
(advertinsje)