Kollum: "Tolk"

02 okt 2019 - 09:31

"It âlde Boalserter riedshûs hie altyd in toer. It wie wat in multyfunksjoneel gebou doedestiids, de Waach siet der ek yn. De toer wie ferrassend, Boalsert hie al fiif tsjerken. Dizze toer kaam der op ta yn 1617. Blykber ferrinnewearret soks wat, mar miskien wie't ek wol in moandeisputsje.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Hoe dan ek, op ien nei wiene alle ferbiningen fermôge. Mear ha we mei Snits ek net nedich, sei immen dy't stie te sjen dat dy toer der sneontemoarn ôftild waard. Mar Snits fûn ien ferbininkje te min.

It riedshûs sil no ferboud wurde foar allerhande moaie en wichtige saken, en dan sil de toer der ek wol wer op komme. Dat kin it gemeentebestjoer no noch jierren brûke om te fertellen hoe grut oft harren finansjele tekoart is, want it kostet no fansels klauwen mei jild. Dy toer moast der hookstrooks op sneon ôf en dan krije de wurknimmers al dûbeld jild fansels.

Dat wie yndertiid noch net sa. Yn 1617 wurken je noch gewoan op sneon. De lieding hie de boumaster Jacob Gysbert. Aah, der giet by jimme in lampke brânen. Ja dat wie de heit fan de Fryske dichter Gysbert Japicx.

Dy stoar yn 1666, mar ferline wike skeukte hy wat ûngemaklik yn syn grêf. Miskien gie sa de lêste ferbining fan heit syn toer der wol oan. Want de grutte foarman fan de Fryske taal, nei wa't de meast weardefolle literêre priis neamd is, dy't dit jier terjochte nei Boalserter Aggie van der Meer giet, dy foarman waard ferline wike oantaast.

Yn de rjochtseal, it heger berop fan de blokkearders fan de anty swarte pitedemonstraasjes. Foarfrou Jenny Douwes woe har ferhaal graach yn it Frysk dwaan. Dêr prate en tinke je yn, it is dan makliker om jin te uterjen en as je heger berop dogge dan moatte je jin uterje, oars jout it neat.

Fryslân hat op 16 novimber 1951 in oarloch fierd om klear te krijen dat je yn de rjochtseal gewoan Frysk prate kinne. Kneppelfreed. De oarloch waard wûn, al duorre it noch jierren en jierren foardat it hielendal klear wie. De rjochters dy't Jenny oanhearden, waarden dus holpen troch in tolk. Dy't Jenny har Frysk fertale moast yn it Hollânsk. En dan sjogge je de breklike realiteit fan de Kneppelfreedoarloch: de tolk koe it net en om't er it net goed koe, woe hy it ek net.

De tolk folge har tempo net en ûnderbruts har hieltyd. Jenny rekke fan slach. Dat begrepen dy rjochters wer net. Dus krige Jenny net in oare tolk, wylst der wol tsien man yn de seal sieten dy't it better kinnen hie. No ja, Saskia van Westhreenen hat yn har kommentaar yn de Ljouwerter alles al útlein.

Dus ik ha âlde Gysbert wer rêstich yn syn grêf treaun, mei it boadskip, dat de saken formeel wol goed regele binne mei dat Frysk yn de rjochtseal, mar dat der diskear net in goeie tolk wie.

Doe ha 'k him noch mar in ferhaaltsje ferteld út deselde wike. Oer dy Drachtster wethâlder Eric ter Keurs. Dy't safolle sneue opmerkingen nei de holle krige oer in stik wat de amtners skreaun hiene, dat hy him net mear ynhâlde koe. Hy sei dat dy kloaterige amtners har wurk net goed dien hiene.

Amtners lilk. Ter Keurs moast ekskús meitsje, fertelde ik Japicx. Dat die hy ek. En sei dêrnei dat hy opstapte as wethâlder fan Smellingerlân. Dach. Ferrassing rûnom. Mar mei wat nét sein wurdt, sizze je somtiden in protte. Ik bin efkes in tolk. Ter Keurs seit dat it net goed is dat wethâlders de amtners leech lizze. Dat moatte je yntern hâlde. Sa no en dan ris razend lilk troch de gongen fan it riedshûs daverje.

Dat wol hy net mear, want hy tinkt dat it amtlik apparaat yn Drachten net te rêden is. Dat je dêr dus net mear ferantwurdlik foar wêze wolle en net mear troch de gongen roppe wolle."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)