"Ik ontbijt iedere ochtend met een patatje"

02 okt 2019 - 08:34

In patatsje ite as moarnsbrochje: der sille fêst in soad bern wêze dy't dêrfan dreame. Bas van Damme is direkteur fan it Lamb Weston/Meijer patatfabryk yn Easterbierrum en begjint alle dagen mei in patatsje moarnsbetiid. "En het blijft lekker!"

Patat - Foto: Shutterstock.com

Dêr't oaren de dei begjinne mei in kop kofje, start direkteur Bas van Damme syn wurkdei mei in patattest. "We controleren iedere ochtend de patat op kwaliteit. Dat gaat nog met een ouderwetse smaakproef. Ondanks dat ik iedere ochtend patat eet, blijf ik het lekker vinden. Ook in het weekend wanneer ik vrij ben eet ik regelmatig een patatje", laket de direkteur.

Patatsje mayo

Yn de 150 jier nei't it earste patatsje iten waard yn Nederlân binne der ferskate soarten útfûn. Dat jildt ek foar de sauzen, dy't derby servearre wurde. Sels hâldt Van Damme it meast fan in patatsje mayo. "Dan proef je de patat het allerbeste."

Jantine Weidenaar sjocht by it patatfabryk

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Alle trije wiken wurdt it patatfabryk stillein om it fabryk skjin te meitsjen en de masines te ûnderhâlden. Fia ferskate kamera's wurdt yn 'e gaten hâlden oft alles yn it produksjeproses goed ferrint.

Troch hiel Europa

De ierappels dy't yn Easterbierrum binnen komme, wurde ferwurke ta in lekker patatsje. De patat giet net allinnich nei Nederlânske snackbars, mar ek yn it bûtenlân. Dêrfoar wurde aparte ôfmjittingen oanhâlden. Ek wurdt der hieltyd mear patat mei de skyl der omhinne makke.

Woansdeitejûn is der feest yn Easterbierrum. Dan wurdt fierd dat it patatfabryk Meijer Frozen Food de lapen gearsmiet mei Lamb Weston en meiwurkers betanke wurde foar harren ynset. En fansels stiet der patat op it menu.

Jantine dûkt yn de kontrôlekeamer

150 jier patat

It is dize wike presys 150 jier lyn dat yn Nederlân it earste patatsje ferkocht waard. Dat barde op in merke yn Breda.

(advertinsje)
(advertinsje)