CDA: "Yn Opsterlân wolle wy foaroprinne mei lytse wynmûnen"

02 okt 2019 - 07:35

Meie der wol of gjin lytse wynmûnen yn de gemeente Opsterlân komme? Dy fraach stiet woansdeitejûn sintraal by in ynformaasjegearkomste fan it CDA yn de gemeente. Inisjatyfnimmer en partijfoarsitter Jan Lammert Sijtsema wol ynwenners ynformearje oer de alternativen foar wynenerzjy. "Yn Opsterlân wolle we foaroprinne mei lytse wynmûnen."

Wynenerzjy - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op de ynformaasjejûn sil in ûnderfiningsdeskundige út Grinslân fertelle oer de wynmûne op syn hiem en ek komt der in produsint oan it wurd om út te lizzen hoe't it krekt wurket.

Sijtsema: "Wy wolle graach mear witte oer lytse wynmûnen. It liket ús in goed plan ta foar Opsterlân om wat te dwaan oan it stikstofprobleem. En der binne al in soad boeren dy't wol meidwaan wolle."

Jan Lammert Sijtsema fan it CDA

Trefwurden: 
CDA Opsterlân wynmûnen
(advertinsje)
(advertinsje)