Herbarium Frisicum krijt wrâldkolleksje fan Radboud Universiteit

02 okt 2019 - 07:06

It Herbarium Frisicum yn Wolvegea krijt freed de wrâldkolleksje drûge planten fan de Radboud Universiteit yn Nijmegen oerlange. It giet om planten fan de saneamde 'Nachtschade'-famylje, dêr't ûnder oare ierappels, tomaten en paprika's ûnder falle. De universiteit hat hjir tsientallen jierren ûndersyk nei dien.

Ierappels - Foto: Shutterstock.com

De kolleksje fan de Radboud Universiteit drige te ferdwinen nei it bûtenlân, mar it grutste part fan it botanyske erfgoed wurdt no oerlange oan it Herbarium yn Wolvegea. In lyts diel fan de kolleksje giet nei Naturalis.

Gûlende konservator

"Het is een bijzondere collectie die internationaal bekend is. Twee jaar geleden kwam de curator van de universiteit huilend bij me omdat zijn levenswerk verloren dreigde te gaan", fertelt Karst Meijer fan it Herbarium yn Wolvegea.

"De raad van bestuur wilde de collectie afstoten en die dreigde naar Berlijn te gaan. We wilden het voor Nederland behouden. Het rare is dat er geen kapers op de kust waren. Het is natuurlijk een kwestie van geld en mensen. Maar ik heb ruimte, omdat ik wist dat dit eraan zat te komen heb ik al een tijdelijke opslag geregeld."

Der komme 170 doazen mei dêryn 3.000 planten. Yn it earste wykein fan novimber hat Herbarium Frisicum iepen hûs en dan is de kolleksje foar publyk te sjen.

It Herbarium Frisicum yn Wolvegea sammelet al jierren bedrige kolleksjes as botanysk erfgoed en stelt de planten feilich as genetyske boarne en botanysk argyf. Meijer tinkt dat dizze kolleksje syn Herbarium wrâldwiid op de kaart sette sil.

Karst Meijer fan it Herbarium Frisicum

(advertinsje)
(advertinsje)