"Ik heb er nog geen vertrouwen in dat het goed komt met de Nederlandse boeren"

02 okt 2019 - 06:52

"Ik heb er nog geen vertrouwen in dat het goed komt met de Nederlandse boeren." Dat seit boerinne Hyke Anema in dei nei't se yn Den Haag wie by it boereprotest. Anema siet yn de organisaasje fan de Fryske delegaasje boeren dy't nei it Malieveld reizge. Se is entûsjast oer it ferrin fan de dei, mar hat der net folle betrouwen yn dat de Nederlânske boeren net oanpakt wurde sille.

Sammelje by Henk en Jitty Zijlstra yn Hitsum foar trekkerprotest yn Den Haag - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Hûnderten boeren út Fryslân reizgen tiisdei nei Den Haag foar de lanlike protestaksje op it Malieveld. Anema foarme tegearre mei Jitty Zijlstra de organisaasje yn Fryslân. Se wie djip ûnder de yndruk fan alle boeren dy't út it hiele lân wei nei Den Haag kaam wiene. "Het was een prachtige dag. Ik denk dat veel mensen niet hadden verwacht dat er zo veel boeren zouden komen."

Skeptysk

Dochs is se skeptysk as it giet om de effekten dy't it protest ha sil en benammen oer de tasizzing fan lânbou-minister Carola Schouten dat de feesteapel net troch de helte hoecht. "Ik moet het nog zien. Dertig procent inkrimpen is ook geen halvering", seit Anema. "Ik denk wel dat er kortingen bij de boeren neer worden gelegd."

Nije aksjes

Anema slút nije protestaksjes dan ek net út as bekend wurdt hokker aksjes de polityk tsjin de boeren nimme wol. Oft Anema dan ek wer yn de organisaasje sit fan it nije protest, wit se noch net. "Ik zei vorige week: dit is één keer en nooit weer. Maar het was zo'n groot succes, dat ik misschien toch wel weer meedoe."

Boerinne Hyke Anema

(advertinsje)
(advertinsje)