Comprix wol bernesintra yn Easterwâlde, It Hearrenfean en Wolvegea

01 okt 2019 - 22:21

Op de basisskoallen fan Stichting Comprix docht bliken dat der hieltyd mear bern yn Weststellingwerf, Eaststellingwerf en Opsterlân binne dy't wat ekstra help nedich hawwe as oare bern. De organisaasje pleitet foar spesjalistyske berne- en ekspertizesintra yn Easterwâlde en It Hearrenfean en in spesjale foarsjenning yn Wolvegea.

Foto: ANP

De basisskoalle-organisaasje jout yn in beliedsbrief oan in tal gemeenten oan dat it oanbod fan foarsjenningen foar bern dy't mear begelieding nedich hawwe net optimaal is.

It giet benammen oer Hearrenfean en de Stellingwerven. Yn dy regio binne goed 400 learlingen dy't ûnderwiis folgje op in spesjalisearre ûnderwiisplak en dy't dêr komme moatte mei oanpast ferfier. De bern kinne dêr terjochte as it reguliere ûnderwiis net foldwaande begeleiding biede kin.

'Gebrekkige samenwerking'

Comprix jout oan it tegearre mei oare organisaasjes te dwaan út Hearrenfean en De Fryske Marren. "De gebrekkige samenwerking tussen onderwijs en jeugdzorg draagt bij aan de constatering dat het voorzieningenaanbod suboptimaal is," sizze sy.

Neffens de organisaasje soe ûndersocht wurde moatte of de plannen helber binne. East- en Weststellingwerf binne al op de hichte brocht en binne frege om oer de plannen te praten.

(advertinsje)
(advertinsje)