It sintrum fan Drachten krijt fan novimber ôf glêsfezel

Yn it sintrum fan Drachten wurdt glêsfezel oanlein, dat makke KPN bekend. De wenningen wurde strjitte foar strjitte fergees oansletten. It folsleine gebiet is ûnderferdield yn fjouwer dielgebieten. De wurksumheden sette op 18 novimber útein.
It sintrum fan Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ynwenners dy't fragen hawwe oer de oanlis fan glêsfezel, kinne fan 18 oktober terjochte yn in ynformaasjepunt by it Kariljon oan de Noarderbuert yn Drachten.