Fûgelrêstperioade set útein: net by rânen del om piiptjilling te beskermjen

01 okt 2019 - 21:26

De saneamde fûgelrêstperioade is tiisdei úteinset en jildt foar gebieten yn de Snitser Mar, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeasterbrekken, de Fluezen en de Alde Feanen. De perioade hâldt yn dat der tusken 1 oktober en 1 april net fearn wurdt mei yn gebieten dêrt giele boeien mei blauwe stickers lizze. It is in maatregel om kwetsbere en bysûndere fûgelsoarten te beskermje dy't yn Fryslân oerwinterje. De gebieten lizze inkeld by ûndjippe rânen del, nea yn fargeulen.

De Snitser Mar - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Wettersporters en sportfiskers meie net yn de gebieten farre. De giel-blauwe boeien hawwe in sticker mei in slobein en de tekst 'Vogelrustgebied.' In boat, skip of persoan kin al gau foar ûnrêst soargje by fûgels.

Kwetsbere fûgels

It giet bygelyks om de slobein, de piiptjilling en de lytse seachbek. Sokke fûgels hawwe rêst en tiid nedich om genôch te iten en oan te sterkjen, sa's sy letter wer nei harren simmerplakken fleane kinne om te njeskjen.

(advertinsje)
(advertinsje)