Nije direkteur fan Bornego College op It Hearrenfean

It Bornego College op It Hearrenfean krijt in nije direkteur: Mark Kwakman (38). Hy folget Arjan Baak op, dy't it ôfrûne jier ynterim-direkteur wie op de skoalle.
© Wikimedia Commons
Op dit stuit wurket Kwakman ek al as direkteur, oan it Bataafs Lyceum yn Hengelo. Ek hat hy oare funksjes op Oscar Romera, in skoalle foar fuortset ûnderwiis yn Hoorn. De skoalle jout oan him as in fernijer te sjen mei fyzje, dêrom soe hy goed op It Hearrenfean teplak wêze.