De Vries: net iens mei Van der Horst dat Smellingerlân 'ûnbestjoerber' is

01 okt 2019 - 20:31

It eardere SP-riedslid Jos van der Horst fan Smellingerlân joech moandei yn It Polytburo oan dat Smellingerlân polityk ûnbestjoerber is. Dat soe neffens him benammen komme troch de ELP (Eerste Lokale Partij), de grutste partij yn de koälysje. Ferline wike stapte wethâlder Eric ter Keurs (VVD) op, nei't syn kollega Roel Haverkort (PvdA) dat earder ek al die. Fraksjefoarsitter Yntze de Vries fan de ELP is it net iens mei de krityk fan Van der Horst.

Yntze de Vries fan de ELP - Foto: Omrop Fryslân

Van der Horst sei dat it kolleezje fan Smellingerlân ûnder enoarme druk stiet fan de partij fan De Vries. "De ELP heeft beloofd in alles transparant te willen zijn en alles via de raad bespreekbaar te maken. Dat maakt dat ze bijna wekelijks bij elkaar moeten zitten om alles uit te discussiëren, het werkt voor geen meter," seit Van der Horst.

De Vries makket der in komplimint fan

Yntze de Vries fan de ELP is it dêr net mei iens en draait de boel mar op. "It is mar krekt hoe't jo dat besjen wolle. Van der Horst fûn dat de ELP nochal drok wie om de ferkiezingsbelofte yn te lossen dat der feroaring komme moast. Dan kinne je it ek sjen as in grut komplimint dat Van der Horst de grutte feroaringen sjocht dy't wy mei de koälysje ynsette. Van der Horst joech wol tefolle 'credits' oan de ELP, want wy dogge it mei 31 riedsleden en der sitte noch 23, de 8 fan de ELP bepale net it belied fan Smellingerlân en it kolleezje. Wy dogge it mei syn allen."

Yn stapkes

Nettsjinsteande dat jout ek De Vries oan dat de koälysje der noch net is. "It kin net yn ien dei 180 graden oars. Feroaringen geane nea yn ien rjochte lijn nei sukses, wy dogge it yn stappen en dy meitsje wy. Dêr bin ik fan oertsjûge." De Vries seit ek dat it te krijen hat mei jild. "Wy binne dizze perioade begûn mei in totaal lege beurs. As jo in soad jild hawwe, kinne jo makliker dingen regelje."

Kritysk

Neffens De Vries is der gjin sprake fan 'achterkamertjes' dêr't alles besprutsen wurdt. De ferlieding is grut om wat kwealiks oer Van der Horst te sizzen, seit De Vries, mar dat docht hy mar net.

"Wy sitte yn in koälysje dêr't wy ferskillend tinke. In opposysjepartij joech lêst oan: wy hawwe miskien wol faker mei it kolleezje meistimd as de ELP. Want wy binne foar de ferkiezingen kritysk en binne dat noch hieltyd, dat is dualisme. Ik tink net dat it in soad foarkommen is dat in hiele ried - koälysje én opposysje - in Perspektyfnota weromstjoerd hat," fynt De Vries.

Fraksjefoarsitter Yntze de Vries fan de ELP (Eerste Lokale Partij) yn Smellingerlân

(advertinsje)
(advertinsje)