Gemeente wist al jierren fan de minne steat fan de toer fan Boalsert

01 okt 2019 - 20:32

It hie al folle earder bekend wêze kinnen dat de toer fan it stedhûs yn Boalsert oantaast wie troch de bûnte kjifkrobbe. Dat seit âld-wurdfierder fan de gemeente Boalsert en kenner fan de histoarje fan de stêd Willem Haanstra. Ofrûne sneon waard de toer fan it stedhûs ûntmantele. De tastân wie te gefaarlik om't de ikehouten draachkonstruksje te bot ynstabyl wie.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Neffens Haanstra is al sûnt de jierren 50 bekend dat de kjifkrobbe de konstruksje oantaast. De toer waard yn de âlde gemeente Boalsert ûnderholden oant 2010, mar dat wie ek al dreech. En mei de fúzje nei de gemeente Súdwest-Fryslân is de soarch foar de toer net goed oerdroegen, sa seit Haanstra. "Ik denk dat het accent lag op de uitbouw van het stadhuis en dat er minder of in ieder geval te weinig aandacht was voor het monument zelf".

'Dweilen met de kraan open'

Neffens Haanstra hie it haad fan it bouteam fan de gemeente Boalsert eartiids al meardere kearen tsjin him sein dat it 'dweilen met de kraan open' is. De krobbe koe mei de behanneling dy't der doe wie net bestriden wurde. En de gemeentlike middels wiene der doe ek net om in grutte renovaasje te dwaan, se seit Haanstra.

Willem Haanstra oer de toer fan Boalsert

'Weinig tot geen activiteit'

Sietse La Roi fan de gemeente Súdwest-Fryslân sjocht ek yn dat de gemeente wist dat der spoaren wiene fan de kjifkrobbe, mar ferskate ûndersiken seine dat der 'weinig tot geen activiteit' te finen wie. Doe't yn 2016 it plan kaam om it stedhûs fan Boalsert te restaurearjen, hie de gemeente ek net tocht dat it sa slim wêze soe mei de skea dy't it bistje oanbrocht hie.

Net earder as doe't it plan kaam om de draachkonstruksje te ferstevigjen en saken fuorthelle binne, waard de omfang fan it probleem dúdlik. Mei de restauraasje hopet de gemeente foar de kommende 50 jier klear te wêzen. Mar om't de toer restaurearre wurdt en der safolle mooglik oarspronlik materiaal behâlden wurde moat, is it net ûntinkber dat de kjifkrobbe wer yn it hout fan de toer krûpt.

Neffens de gemeente soe der in nije metoade fûn wurde moatte sa't it bistje gjin kâns mear hat.

Op in skip nei Snits

It earste part fan de toer is ôfrûne sneon nei ûnderen helle. It twadde stik is woansdeitemoarn oan de beurt en nije wike tiisdei sil dat stik tegearre mei it lêste stik toer op in skip nei it restauraasjeplak yn Snits brocht wurde.

Sietse La Roi fan gemeente Súdwest-Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)