Fries Film Archief fynt bylden Lenie van der Hoorn út Alvestêdetocht 1985

"Wy hawwe har!" Dat is wat de minsken fan it Fries Film Archief tiisdei op harren Twitterside setten hawwe. Ofrûne freed die it programma Andere Tijden Sport in oprop by Omrop Fryslân. Der waarden nammentlik bylden socht fan Lenie van der Hoorn yn de Alvestêdetocht fan 1985. Sy wie de bêste froulike reedrydster doe en kaam in skoftke letter as winner Evert van Benthem oer de finish. It telefyzjeprogramma socht bylden foar in dokumintêre, mar dy wiene net te finen. Mar it Fries Film Archief hat aldergeloks fragminten fûn.
Lenie van der Hoorn © Cornelis Bruinsma (via Fries Film Archief)
"Wy hawwe efkes goed yn ús kolleksje films oer de Alvestêdetocht fan 1985 sjoen," seit Syds Wiersma fan it Fries Film Archief. "Doe hawwe wy twa moaie fragminten fûn. Net fan it riden sels, spitigernôch. Mar wol twa fan nei de finish, wêrfan ien dat sy har stimpel hellet op de Bonkefeart. Dat is wol in moai byld."

Gjin each foar froulju

Kees Jongkind fan it NTR-programma sei earder: "Ik zeg het met schaamrood op de kaken, maar de NOS had destijds geen oog voor vrouwen." Dat die yn Fryslân sels ek wol bliken. "Dat sjogge wy ek yn ús argyf. It is eins ûnfoarstelber," jout Wiersma oan.

Noch mear bylden?

Der binne no dus twa koarte stikjes út amateurfilms. Dochs docht Wiersma noch in oprop: wa wit binne der noch minsken dy't fideo of 8mm-films makke hawwe fan in reedridende Van der Hoorn mei startnûmer 28, bygelyks fan de kant ôf of by yn stimpelpost yn in stêd.
Nettsjinsteande dat wie Andere Tijden Sport tige entûsjast. "Benammen troch dat stimpelbyld, en dat sy yn de earmen fan har trainer of man falt. Tige bysûnder," seit Wiersma.
Syds Wiersma fan it Fries Film Archief
Van der Hoorn yn 2015 by de reuny fan de Alvestêdetocht fan 1985 © ANP