Basisskoalle yn Wommels wiis mei de bank fan talkshow BEAU

01 okt 2019 - 17:52

Wa't moandei nei it programma BEAU sjoen hat op RTL, seach in nij byld: de gasten yn it programma sitte net mear oan in bank, mar oan de tafel. En dy bank, dy giet nei Wommels. Nei basisskoalle De Opslach om krekt te wêzen.

Foto: ANP Foto

Beau woe de bank wol kwyt omdat it kontakt mei de gasten net goed út de ferve kaam. Hoe kamen se yn Wommels krekt by dy bank? It programma die freed in oprop dat se de bank kwyt woene. In meiwurker fan de skoalle attindearre harren dêrop yn de groepschat fan de dosinten, en dus hawwe sy in berjochtsje stjoerd. "Dat is krekt wat foar ús," jout Ewoud van der Weide fan de basisskoalle oan.

De dynamyk mei gasten moat neffens Van Erven Dorens better wêze mei in tafel. Derom hat syn crew de tafel oan de ein fan de útstjoering daalks út de studio weihelle.

Nei Wommels

Se hawwe foar de skoalle yn Wommels keazen omdat se it moai fûnen it oan it ûnderwiis te jaan, fertelt Van der Weide fan De Opslach. Ek omdat it ûnderwiis de lêste tiid wol wat negatyf yn it nijs is. De skoalle sil de bank yn it lêskafee sette foar in College Tour Junior. Ek wie der in projekt mei oare skoallen foar in sjoernaal en dêr kin de bank moai foar brûkt wurde.

De Wommelsers hoege de bank net op te heljen. It programma soarget derfoar dat de bank brocht wurdt. Beau sels sil yn jannewaris wolkom wêze op de skoalle as earste gast fan de College Tour Junior.

Ewoud van der Weide fan basisskoalle De Opslach yn Wommels

(advertinsje)
(advertinsje)