Ferwûne by botsing mei ferkearspoddestoel by Eastermar

Op de Swartewei by Eastermar it tiisdeitemiddei in autobestjoerder ferwûne rekke. Nei alle gedachten omdat de persoan net goed waard, rekke de auto fan de dyk en botste op in ferkearspoddestoel.
© Srfotografie
De bestjoerder is behannele troch ambulânsepersoniel en dêrnei mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. Omdat der mooglik brân yn it spul wie, waard de brânwacht ek oproppen. Mar dy hoegde net yn aksje te kommen.