Douwe Amels útskeakele op WK Atletyk

01 okt 2019 - 17:02

Heechspringer Douwe Amels is tiisdeitemiddei op it WK Atletyk yn Doha (Katar) útskeakele. De atleet kaam yn de foarronde net oer 2.26 meter hinne.

Foto: Orange Pictures

Amels hie earder op de dei ien sprong nedich foar 2.17 meter en ek 2.22 meter die er yn ien sprong. Op 2.26 meter gie it trije kear mis foar de Drachtster. Om de finale te heljen moast Amels 2.31 meter springe of by de bêste tolve atleten sitte.

Foar it toernoai tocht Amels noch dat de finale mooglik wie. It wie foar de twadde kear dat Amels meidie oan in wrâldkampioenskip. In moanne lyn sprong Amels foar de twadde kear syn persoanlik rekôr fan 2.28 meter.

Trefwurden: 
Douwe Amels heechspringen
(advertinsje)
(advertinsje)