Deputearre Hoogland: "Gjin risiko foar folkssûnens by metaalhannel De Horne"

De fersmoarging mei lead fan de terreinen fan metaalhannel De Horne op It Hearrenfean en Ecopark De Wierde fan Omrin liket ta te fallen. Dat seit miljeudeputearre Douwe Hoogland op basis fan ferskate ûndersiken nei de fersmoarging mei lead yn it ôffalwetter op Ecopark De Wierde. De ûndersiken wize neffens deputearre Hoogland út dat der yn alle gefallen gjin risiko is foar minsken dy't yn de buert fan de bedriuwen wenje.
© Google Street View
Neffens it ûndersyk fan de Provinsje is it oannimlik dat de ferhege metaalwearden ôfkomstich binne fan metaalhannel De Horne. Troch it treffen fan oanfoljende maatregels, lykas in bettere ôfsûging fan de metaalshredder, kin it bedriuw takomstige stofwolkjes mei hegere metaalwearden foarkomme. Dêrnjonken moat it bedriuw it terrein en ôffalputten faker skjinmeitsje. De Provinsje sil dêrfoar de fergunning oanpasse en FUMO sil 'faker as normaal' tafersjoch hâlde op de gong fan saken by it metaalbedriuw.
Yn augustus ûntstie der ûnrêst op It Hearrenfean oer mooglike stoffen dy't frijkomme soene by De Horne. It die dêrby bliken dat de útwikseling fan ynformaasje tusken de ferskate oerheden net goed ferrûn.
Deputearre Douwe Hoogland oer it ûndersyk nei De Horne