Campus Fryslân: 83 nije studinten út 22 lannen

01 okt 2019 - 16:12

Campus Fryslân hat der dit jier 83 nije studinten by krigen. Dat is goed dûbeldsafolle as ferline jier. Dat docht bliken út de offisjele ynskriuwingssifers fan de Fryske fakulteit fan de universiteit fan Grins. Rûchwei de helte fan de studinten komt út Nederlân. De oaren komme út mar leafst 22 ferskillende lannen.

It giet derby om lannen binnen de Europeeske Uny, mar ek fier dêrbûten. Sa sitte der ek earstejiers tusken út Meksiko en de Feriene Steaten. Yn totaal hat Campus Fryslân no 175 studinten.

Studinten en de universiteit binne wiis mei de groei

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)