Provinsje Fryslân stekt 1 miljoen euro yn 'taskforce stikstof'

Provinsje Fryslân lûkt 1 miljoen euro út foar in spesjale 'taskforce' dy't op it Provinsjehûs oan de slach moat mei it stikstofprobleem. Deputearre Johannes Kramer wol sa gau as mooglik de provinsjale rezjyfunksje oppakke, sa't der wer fergunningen ferliend wurde kinne en de provinsje oan it wurk kin mei in nij perspektyf foar boeren.
Kramer op de wyklikse parsekonferinsje fan Deputearre Steaten © Omrop Fryslân
Kramer wol dat fan ûnderen op dwaan, yn goed oerlis mei de boeren. Om it stikstofprobleem yn goeie banen te lieden moat de provinsje ekstra meiwurkers oanlûke. It is it doel om dy 1 miljoen euro foar de 'taskforce' nei ferrin fan tiid wer by it Ryk wer werom te heljen.
Dat in soad Fryske boeren tiisdei yn Den Haag te finen binne foar de grutte aksje, begrypt Kramer wol. Noch sterker: de deputearre stipet de aksje. "It is goed dat de boeren harren hearre litte. Der wurdt net goed nei de boeren harke, en al hielendal net troch de polityk yn Den Haag."

Oanpasse of útkeapje

De 'taskforce' sil benammen sjen moatte nei hoe't it fierder moat mei de boeren dy't yn of oan de râne fan in saneamd Natura 2000-gebiet buorkje. Dy sille nei alle gedachten de bedriuwsfiering oanpasse moatte of sels útkocht wurde moatte.
"It is dêrby fan belang, dat we de stikstofromte dy't sa frij komt wer yn Fryslân ynsette kinne", sa seit Kramer. De deputearre ferwachtet nije wike dúdlikens fan it kabinet oer de oanpak fan it stikstofprobleem op koarte termyn.
Deputearre Johannes Kramer oer de aksjes fan de boeren