Sikehûs Nij Smellinghe is mei fuortheljen lêste smookhokje folslein smookfrij

01 okt 2019 - 15:07

In grutte kraan en in skeppe soargen derfoar dat it lêste smookplak fan Nij Smellinghe ek ferdwûn is. It sikehûs yn Drachteb wol in bydrage leverje oan sûnere libbens fan minsken en dêr heart in smookfoarsjenning net by. It smookplak neist de yngong is tiisdeitemoarn fuorthelle. Besikers, pasjinten en meiwurkers meie no net mear smoke op it terrein.

"We hebben hiervoor gekozen omdat we een ziekenhuis zijn. Wij dragen zorg voor gezondheid en wij willen graag bijdragen aan het verbeteren van de gezondheid van medewerkers en patiënten", fertelt Anouk Koppelman, manager personiel en organisaasje. Minsken dy't pasjint binne yn it sikehûs en smoke, krije help oanbean.

"Het zal even wennen zijn. Het is niet zo dat we zeggen: vanaf nu kan en mag het niet meer. Er is altijd de mogelijkheid om met de arts in gesprek te gaan over hoe dat dan moet", fertelt Koppelman. Der kin dan socht wurde nij oplossingen lykas in smookskoft.

Manager P&O Anouk Koppelman oer it fuortheljen fan it smookhokje

Stoptober

Mei it fuortheljen fan it smookhokje is it sikehûs folslein smookfrij. It hokje is fuorthelle op deselde dei dat stoptober begjint: 1 oktober. Jellie Miedema is 'stopcoach' en longferpleechkundige. Sy begeliedt pasjinten yn it proses om op te hâlden mei smoken en jout de kursus 'stoppen met roken'.

Tiisdeitemiddei om 15.00 oere giet Miedema live op de Facebookside fan Nij Smellinghe en kin eltsenien fragen stelle oer it ophâlden mei smoken. Minsken dy't gjin pasjint binne by it sikehûs, kinne ek help krije. "Ik verwijs iedereen die geen patiënt is naar de website ikstopnu.nl", seit Miedema.

Coach en longferpleechkundige Jellie Miedema

(advertinsje)
(advertinsje)