Skouder sit Letitia de Jong dwers yn tarieding op nije seizoen

01 okt 2019 - 14:56

It is noch net wis oft Letitia de Jong folslein fit is by de start fan it nije reedrydseizoen. De rydster fan Team IKO is freed fallen op Thialf en dêrby is har linkerskouder út 'e dop rekke. It probleem is yn sikehûs Tjongerschans wer ferholpen, mar it skouder hat wol hast in oere út 'e dop west. It reedrydseizoen set oer in moanne útein: op 1 novimber is it wrâldbeker-kwalifikaasjetoernoai.

It komt absolút net út, nee.

Letitia de Jong oer har skouderblessuere

In blessuere komt foar in topsporter nea goed út, mar de timing is no wol hiel min foar De Jong. "It komt absolút net út nee, want do hast dyn skouder wol nedich mei it riden. Ik doch myn bêst om sa goed mooglik oan de start te stean fan it seizoen." Dêrfoar hat de Feanwâldster noch in oantal wiken.

In part dêrfan sil se mei har ploechgenoaten trochbringe yn it Súd-Dútske Inzell. Se hopet dan sa fit mooglik te wêzen foar it wrâldbeker-kwalifikaasjetoernoai. "Ik stean sawiesa oan de start, mar hoe hurd ik fan de line ôf bin, is noch de fraach. Want de start foarsjoch ik no as it grutste probleem. Dêrnei kin ik de hân op it skouder dwaan", sa fertelt De Jong.

Foto: Orange Pictures

De reedrydploech fan Team IKO waard tiisdei presintearre by Thialf. Letitia de Jong is dêryn de iennige Friezinne. Se ried ek ferline jier foar dy ploech en tekene in healjier lyn foar twa jier by. Oare grutte nammen yn it team binne Jorien ter Mors en Jan Blokhuijsen. Trainers binne de bruorren Erwin en Martin ten Hove.

Fantastyske simmer

De foartekens foar it nije reedrydseizoen wiene noch wol hiel goed foar De Jong. "Ik ha in fantastyske simmer hân. Ik bin op alle flakken ferbettere, benammen op it mêd fan krêfttraining. Dat woe ik ek graach, want ik hie it gefoel dat ik my dêr noch op ferbetterje koe."

Foar de kommende wiken jildt dat it efkes útsykjen is hoe't De Jong dy ynfolje kin. Oan de iene kant wol se gau it iis op om de training wer op te pakken. Mar: "Ik moat rêstich oan dwaan om de reaksjes te ûnderdrukken, sadat it focht fuortgiet. Mei dy balâns moat ik de kommende tiid even wrakselje."

(advertinsje)
(advertinsje)