Grutte dielname boereprotest Easterwâlde: "Spanning yn húshâldens"

01 okt 2019 - 13:22

Guon boeren moatte tiisdei gewoan melke, oaren stypje de aksje wol mar se binne net yn de gelegenheid om sels nei Den Haag te gean. De boeren yn it súdeasten fan ús provinsje sammelje harren dêrom yn Easterwâlde. In oprop op Facebook waard sa fluch beantwurde mei positive lûden dat se besletten hawwe ek in protest te organisearjen by it doarp.

Op de Venekoterwei yn Easterwâlde dogge sawat 150 minsken mei oan in boereprotest. Fan alve oere ôf sammelen harren dêr in lyts tachtich of njoggentich boeren mei trekkers. Se wolle dêrmei sjen litte dat se achter de akjes yn Den Haag stean.

De trekkers hawwe net de N381 op west en it boereprotest hat net ta gefaarlike situaasjes laat. Se hawwe spandoeken mei mei dêrop spreuken lykas 'Laat onze boeren niet stikken'.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Ferslachjouwer Timo Jepkema is yn Easterwâlde

Spanning by de boeren

Klaas van Weperen fan de organisaasje seit dat de grutte opkomst oanjout hoefolle spanning oft der is by de boeren. Dit spilet ek yn de húshâldingen. De boerestân wurdt ferkwânsele troch 2 of 3 prosint fan de meiminsken, seit Van Weperen.

De aksje yn Easterwâlde kaam moandeitejûn spontaan op gong, troch in oprop op Facebook. Der is gjin fergunnig, mar dat is gjin probleem foar boargemaster Oosterbaan dy't ek op de Venekoterwei wie. De boargemaster is bliid dat alles sûnder in wanklank ferrint.

Boargemaster Oosterman

Trefwurden: 
Easterwâlde boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)