Manmachtich boereprotest yn Den Haag: "Dit makket wat los"

01 okt 2019 - 12:57

"Dit makket wat los. Minsken stean oan de dyk mei de tommen omheech, sels fannacht midden yn de nacht doe't wy ûnderweis wiene." Dat sizze twa Fryske boeren op it Malieveld yn Den Haag, dêr't tûzenen boeren protestearje tsjin de stikstofplannen en foar in better lânboubelied.

Foto: ANP

Op it fjild stean einleaze rigen mei trekkers, fertelt ferslachjouwer Gerrit de Boer. Der komme noch hieltyd mear by. De autoriteiten begjinne no mei te wurkjen, want de trekkers riede oer en troch alles hinne, dwersoer en tsjin it ferkear yn. Se wurde begelaat troch ferkearsregelers dy't de aksjefierders sels oansteld hawwe en dy't harren in plak oanwize. Der binne stekken omriden en trije arrestaasjes ferrjochte, meldt de NOS.

"Net yn 'e heak"

Dat de emoasjes heftich binne, is wis, fertelt De Boer. Twa boeren út Boazum en It Hearreanfean fertelle: "Dit makket wat los. Minsken stean oan de dyk mei de tommen omheech, sels fannacht doe't wy ûnderweis wiene. Wy as boeren krije altyd de skuld. Earst fosfaat en no stikstof. Mar sjoch ek ris nei de yndustry en nei Skiphol. Skiphol hat net iens in fergunning. Salang't minsken foar 29 euro hinne en wer nei Barcelona fleane kinne, is der wat net yn de heak. Der wurdt ek hieltyd mear boud en dat giet ta skea fan it plattelân. Wy fertsjinje foar de molke likefolle as yn de jierren '80, mar de kostpriis is wol omheechgien."

D66-Keamerlid Tjeerd de Groot, dy't it foarstel dien hat foar om de pike- en de bargestân mei de helte werom te bringen, sil ek nei it Malieveld komme. Wat fine de boeren dêrfan? "As er derachter stean bliuwt wat er earder sei, kriget er it dreech. As se sa trochgean mei de boeren, dan is de folgjende aksje net sa leaf as dat er no is."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer op it Malieveld

(advertinsje)
(advertinsje)